Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskemuzyk.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


It paad werom - ferteld ferline


It paad werom - ferteld ferline (2010)

Friezen binne by útstek minsken dy't fantastyske smoute ferhalen fertelle kinne. Dêr hawwe de redakteuren fan it paad werom gebrûk fan makke. Sy sochten in moai ûnderwerp út en lieten it folk dêr prachtich oer fertelle. Televyzjemakkers hellen dêr bylden fan eartiids by: âlde, hast fergetten filmkes út it Fries film archief, reportaazjes fan de nasjonale televyzje, kombinearre mei bylden fan hoe't it der hjoed de dei allegear útsjocht. En sa ûntstienen acht moaie ôfleverings foar it skiednisprogramma it paad werom, mei in ryk ferskaat oan ûnderwerpen. Miskien net mei de hiele krekte histoarje, mar wol mei it ferhaal sa't de minsken fan no dat doe belibbe hawwe. It paad werom, ferteld ferline. V.V. Jobbegea - ienriedich knokke Dearsum - doarp op eigen krêft Wâldsein - it wie ús bedriuw Zorabië - de Onassis fan Langwar Suvel - bûter brea en griene tsiis Linthorst Homan - Fleurich en handich Thialf - it kin noait út Feemerk - iere drokte